Hiem

Friezen untliene diel fan harren identiteit om’t hja diel útmeitsje fan de Fryske mienskip. Wêr’t minsken inoander kenne en tegearre saken ta stân bringe. As de jongerein en minsken dy’t bûten de provinsje studearje as wurkje hjir binne jout Fryslân it gefoel thús te wêzen. It betsjut dêr-lizze-myn-‘roots’ foar de friezen om utens. Fryslân kin op soad sympaty rekkenje fan Nederlânners en bûtenlânske gasten.

 

Fryslân stiet foar romte, fôl mei wetter, iepen, grien, skintme fan it lânskip. Foar de âlve steden en moaie doarpen, de Fryske marren, de wadden en de waadeilânnen. En wa kin net it Fryske stamboekfee, de suvel en de Fryske Hynders.

Hja kinne eksamen dwaan yn de Fryske taal, of Frysk studearje. Sterker noch, wy hawwe ús eigen folksliet ‘Frysk bloed tsjoch op!’. En net-friezen stroffelje oer ‘Bûter, brea en griene tsiis’.

Wy binne grutsk op ús kultuer: de rike histoarje fan Fryslân, ús tradysjes, ús eigen sporten as skutsjesilen, fierljeppen en keatsen. En kultuer dy’t jo hearre, sjoche as lêze, lykas Omrop Fryslân radio en tillefyzje, Tryater, Iepenloftspullen, literatuer en Fryske blêden.

 

De Fryske taal en kultuer soarget foar de ferbining tusken minsken en mienskip.

 

Der binne gâns organisaasjes en ynstellingen dy’t de Fryske taal en kultuer in eigen plak jouwe yn de maatskippij en de betsjutting dêrfan fuortsterkje. Tink oan it ûnderwiis, Omrop Fryslân, Afûk, Tresoar, Fryske Akademy, teater, Iepenloftspullen, blêde en boeken útjouwers, ensf.

In soad friezen, friezen-om-utens en net-friezen drage de Fryske taal en kultuer in waarm hert ta. Ek stypje sy fan herte nije inisjatyven op dit mêd dy’t hieltyd wer fan de grûn komme. It Fryslân Fûns wol in bydrage leverje oan dat wat foar in soart minsken wichtich is: har belibbing fan de Fryske taal en de Fryske kultuer. En dermei Fryslân. Om’t de finansiering steeds dreecher wurdt stipet it Fryslân Fûns organisaasjes, stiftingen, ferieningen, ûnderwiis mar ek groepearringen en partikulieren mei finansiering fan projekten, nije en besteande inisjatyven dy’t de Fryske taal en kultuer direkt te goede komme.

 

Om dit te realisjearen sykje wy jo finansjele stipe!